Friese taal - Schriftelijk onderwijs - kerndoel 20 - Groep 1 en 2 - Doorkijkje


De leerlingen leren informatie te verwerven uit teksten in het Fries in frequent voorkomende teksttypen (zoals artikelen in jeugdrubrieken, liedjes, verhalen).


Groep 1 en 2


Doorkijkje

Het vertelkastje

In groep 1/2 van juf Anke zitten de kinderen in een paar halve cirkels voor het vertelkastje. Anke heeft het vertelkastje op een tafel neergezet en zelf zit ze ernaast. Ze vertelt in het Fries het verhaal bij de platen die ze een voor een door het kastje schuift. Kinderen die het Fries nog lastig vinden, hebben zo steun van de platen bij het begrijpen van het verhaal.

Anke: "Dêr swimt Fedde fisk en hy sjocht goed om him hinne. Wat sjocht er allegear?"

Bern: "In sinnebril! In hoed! De lytse fisken! It gers!"

Anke: "Ja, hy sjocht de wetterplanten, de kiste en de stiennen. Mar Fedde tinkt oan wat oars. Hy hat honger. Wêr kin ik wat te iten fine? tinkt er. Myn mage rattelet derfan. Hawwe jim dat ek wol? Wat ite jimme dan?"

Bern: "Griente, jirpels, patat!"

Anke: "Mar dêr hat Fedde hielendal gjin sin oan. Hy mei graach lek-kere wjirms of slakjes of aaikes fan in kikkert of... Dan sjocht er nei ûnderen. Hee, tinkt er. Wat soe dêr yn dat kistke sitte? Hy swimt derhinne. Wat tinke jimme? Wat soe der yn dy kiste sitte?"

Bern: "Jild, goud, sulver, ..."

Anke: "Jawis, dat kin der allegear yn sitte. Mar wis binne wy der net fan. Hoe kinne wy dat te witten komme?"

Bern: "Dan moatst de kiste iepen meitsje."

Anke: "Ja, dat moat Fedde fisk dwaan! Fedde, swim der mar hinne."

Anke: "Ha, tinkt Fedde fisk, soe ik dat ite kinne? Hy swimt derhinne en docht de bek iepen. Wat tinke jimme. Soe Fedde dat lekker fine?"

Bern: "Nee!"

Anke: "Wêrom net?"

Bern: "Earmbannen en sa kinst net ite! Nee, dat is net lekker."

Anke: "Wat mei Fedde wol?"

Bern: "Wjirms ..."

Anke: "Fedde fisk begjint ek net fuort te iten. Syn fiske-eagen sjogge dy skitterjende dingen. It sjocht der sa moai út. Soe it lekker wêze? Hy besjocht it nochris better. Dy giele kraal, wat glimt dy moai. En dy reade dan, dy is sa read as bloed. Mar dy wite dêre, dy skitteret it aldermoaiste. Hy slacht nochris mei de sturt hinne en wer, docht de bek wider iepen en hapt. Mar as Fedde sa'n skitterjende stien yn de bek hat, dan tinkt er: wat is dat stientsje hurd, it is leau 'k ek net sa lekker."

Anke: "Wat fynt Fedde lekker?"

Bern: "In wjirm, bôle ..."

Anke: "Ja, dat is wier. En wat docht Fedde? Hy spuit dy glimmende stien wer út, mar dûkt al yn de kiste. Even letter swimt er mei in snoer pearels om de nekke fierder. Syn mage rattelet noch altyd. Wat moat er dwaan?"

Bern: "Fierder sykje ..."

Anke: "Hiel grutsk swimt Fedde mei pearels om de nekke. Sjoch ik der net moai út? tinkt er. Wat fine jimme derfan? Heart sa'n ketting mei pearels by Fedde fisk?"

Bern: "Jawol! It liket wol moai!"

Anke: "Ja, dat is wier. It liket wol moai. Fedde is sa in bysûndere fisk. Hy sjocht grutsk om him hinne. En wat sjocht er dan?"

Bern: "Dat dêre!"

Anke: "Wat is dat?"

Bern: "Angel! Bôle!"

Anke: "Ja, it is in stikje bôle. Der is ien oan it angeljen. Dy bôle hat Fedde fisk wol sin oan. De mage rattelet noch hieltyd. Mar as Fedde de bôle opyt, wat bart der dan?"

Bern: "Seare bek."

Anke: "Ja, dat is wier. Dan kriget Fedde in seare bek. Want dy bôle sit oan in heak. As er tahapt, wurdt er fongen. Sille wy fedde wars-kôgje?"

Bern: "Ja! Fedde net ite! Net oankomme!"


Ensafuorthinne


Bron: (2005). Taaldidaktyk foar basisskoallen yn Fryslan. Leeuwarden: CEDIN.
Oosterloo, A. en Paus. H. (2005). Fries aan bod. Leerplan Fries voor het Primair Onderwijs. Enschede: SLO.